Camper fljocht yn de brân op A7

08 jun 2015 - 10:13

De ôfrit fan de A7 nei Surch hat moandeitemoarn ôfsletten west fanwege in brânende camper. De camper ried op de ôfrit, doe't dizze troch noch ûnbekende oarsaak yn de brân fleach.

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat de camper swiere skea oprûn en fuortsleept wurde moast.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)