Ankelblessuere keepster Loes Geurts op WK

08 jun 2015 - 08:30

It is net wis oft Loes Geurts fan Hichtum meispilet yn it twadde duel fan it Nederlânsk frouljusalvetal op it WK yn Kanada. De keepster rûn snein in ankelblessuere op yn de wedstriid fan Oranje tsjin Nij-Seelân. De froulju wûnen dy wedstriid mei 1-0.

Se spylje freed tsjin it alvetal fan Sina.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)