Ynbrekkers bedriigje nachtbroeder Makkum mei skroevedraaier

08 jun 2015 - 08:24

In broeder fan wensoarchsintrum Avondrust yn Makkum is moandei betiid troch twa ynbrekkers mei in skroevedraaier bedrige. De man trapearre de ynbrekkers dy't fia in rút binnen kaam wiene. Nei't se de broeder bedrigen, pakte de man in izeren kapstok om himsels te ferdigenjen. Dêrop naaiden de manlju út. Sa't it no liket wurdt der neat fermist. De saak docht tinken oan de nachtsuster fan fersoargingshûs Huylckenstein yn Boalsert, dy't yn april trije mannen trapearre.

De mannen rôpen pistola, pistola, wêrnei't de skrokken frou harsels opsleat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)