Soad skea by brân yn garaazje op It Hearrenfean

08 jun 2015 - 07:45

In fûle brân soarge sneintejûn foar in soad skea by in garaazjebedriuw oan de Jagtlustwei op It Hearrenfean. In auto rekke ûnder it wurk yn de brân, wêrnei't it fjoer gau oersloech. By de brân kaam in soad reek frij.

De brânwacht koe foarkomme dat it hiele gebou yn flammen op gie, mar de skea is grut. Der is net ien ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)