Sulver foar Jannick de Jong yn Bielefeld

07 jun 2015 - 17:28
  • Jannick de Jong

Gersbaanracer Jannick de Jong hat sneintemiddei by de twadde heale finale fan it EK gersbaan it sulver pakt. Yn it Dútske Bielefeld gong De Jong yn de earste searje ûnderút. Yn de twadde en tredde searje pakte de Gordykster de winst en yn de fjirde searje wie der in twadde plak. Yn de A-finale moast De Jong allinnich de Dútser Enrico Janoschka foargean litte. Janoschka wie oppermachtich en wûn ek al syn searjes. It brûns wie foar syn lângenoat Jörg Tebbe.

De finale fan it Europeesk kampioenskip is op 18 july yn Staphorst.

Yn de earste Europeeske heale finale fan ein april yn Swingfield hiene Theo Pijper en Henry van der Steen har al pleatst foar de finale yn Staphorst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)