Trio fertocht fan brânstichting yn Aldeholtpea

07 jun 2015 - 14:25

Trije jonges fan 15, 16 en 17 jier út Aldeholtpea binne sneintemoarn oanholden op de Haadwei yn har doarp. Se wurde fertocht fan it besykjen om brân te stichtsjen. Yn in stik greide dêr stiene tinten yn ferbân mei de Pieter Stuyvesant Kuiertocht. Omwenners hearden lûden by in tinte en seagen de jonges.

De warskôge plysje seach dat twa dixi's op de grûn leine en dat der in bar omsmiten wie. De 17-jierrige fertochte hie in handoek en in dop fan in jerrycan yn 'e hannen. Syn klean sieten ûnder de brânstof. Ek op in tinte siet brânstof.

De jonges binne oerbrocht nei it buro. De plysje docht ûnderyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)