Dielnimmers Loop Leeuwarden treffe it mei it waar

07 jun 2015 - 13:05

Oan de njoggende Loop Leeuwarden dogge snein 5.000 dielnimmers mei. Se ha der moai waar by. Oan de heale maraton dogge 600 rinners mei. Dravers kinne 5 en 10 kilometer of heale maraton dwaan, rûtes binne benammen oan de noardkant fan de stêd.

Bern kinne ek meidwaan, se kinne kieze tusken 1 of 2,5 kilometer. Kuierders kinne kieze út 12,18 of 25 kilometer. De startplakken binne de treinstasjons Camminghaburen, Hurdegaryp en Feanwâlden.

Start en finish binne by de Aldehou, op dat 'heldeplein' binne aktiviteiten en der is ek in afterparty.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)