Man út Noardwâlde mei hammer op holle slein

07 jun 2015 - 12:28

De plysje hat sneontejûn in 26-jierrige man út Noardwâlde oanholden. Hy gie troch it lint en gie op 'e fûst mei buertbewenners oan de Ds. Van der Tuukstrjitte. Dêrby rekke in 24-jierrige man út Noardwâlde ferwûne. It slachtoffer is nei alle gedachten mei in hammer op de holle slein. Hy is nei it sikehûs brocht. De fertochte sit fêst. De plysje docht fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje Noardwâlde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)