Aksje 'Plaats een Steen' foar Damslachtoffers 1945

07 jun 2015 - 12:20
  • Deadebetinking Amsterdam

Op 7 maaie 1945 binne goed tritich minsken delsketten op de Dam yn Amsterdam by striid tusken Dútske soldaten en de Binnenlandse Strijdkrachten. Nei jierren fan ûndersyk troch 'Stichting Memorial 2015 voor Damslachtoffers 7 mei 1945' binne de nammen fan de deaden achterhelle. Under har Popke Sjoerd Bakker út Ljouwert en Johannes Jan Ooms út Harns.

De stichting wol dat der in tinkstien komt mei de nammen fan de slachtoffers. Doel is om dy tinkstien op 7 maaie 2016 te ûntbleatsjen.

Foar de tinkstien wurdt online in ûntwerp ûntwikkele mei tal fan dielnimmers om der sa in kollektyf barren fan te meitsjen. Dat kin op http://plaatseensteen.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)