Sannemaj Betten wint jierfinale Festinalente

07 jun 2015 - 11:40
  • Sannemaj Betten

Sannemaj Betten út Sint-Jabik hat sneon yn Amsterdam de jierfinale Festinalente Poezieslag wûn. It is de âldste Poetry Slam fan Nederlân. Mei dizze winst hat Sannemaj (20) har foar it tredde jier op rige pleatst foar de heale finale fan it Nederlânsk Kampioenskip Poetry Slam.

By poetry slam geane dichters op in poadium in wedstriid mei elkoar oan. Binnen in pear minuten en yn ferskate ronden drage dichters gedichten foar. Publyk en/of in sjuery makket út wa't de bêste is. By de wedstriid binne ynhâld en foardracht like belangryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)