Sicco Cuperus út Ljouwert al in jier fermist

07 jun 2015 - 10:54

Ljouwerter Sicco Cuperus is dizze snein eksakt in jier fermist. Cuperus siet by de maresjesee. Hy is ferline jier op 7 juny foar it lêst sjoen. Syn auto is letter nei in syktocht weromfûn yn Marrum, mar fan Cuperus sels ûntbrekt elk spoar.

It ûndersyk nei de fermiste Ljouwerter sit op in dead spoar. Ek ferskate oproppen yn de media fan Piet en Gina Cuperus, de âlden fan Sicco, hawwe oant no ta noch gjin nije oanwizings opsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)