Fryske fuotbalsters goed begûn op WK

07 jun 2015 - 10:47
  • WK fuotbalfroulju

De Nederlânske fuotbalfroulju mei Loes Geurts fan Hichtum en Sherida Spitse fan Snits binne goed begûn op it wrâldkampioenskip yn Kanada. De earste wedstriid waard mei 1-0 wûn fan Nij Seelân. Keepster Geurts wie wichtich mei in pear goeie rêdings. Spitse spile lykas Geurts de hiele wedstriid. It wie foar de fuotbalfroulju de earste wedstriid oait op in wrâldkampioenskip.

Freed is Sina de folgjende tsjinstanner foar de 'Oranje Leeuwinnen'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)