Ynwenner fan Dokkum ferwûne by stekpartij

07 jun 2015 - 09:49

De plysje hat sneontenacht yn Dokkum in 19-jierrige ynwenner fan de gemeente Dantumadiel oanholden nei in stekpartij. Hy soe op de Bronleane in 21-jierrige Dokkumer mei in mes yn 'e holle stutsen ha. Beide manlju hiene spul mei elkoar krigen nei't der in fyts omfallen wie. De fertochte helle dêrop in mes út 'e bûse. Hy naaide út, mar koe eefkes letter oppakt wurde. It slachtoffer is nei it UMC Grins brocht.

De plysje docht fierder ûndersyk nei de krekte tadracht fan de stekpartij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)