'Keep them Rolling' toch noch troch Balk

07 jun 2015 - 05:22

De organisaasje fan de befrijingstocht Keep them Rolling wie snein werom yn Balk. Op 5 maaie rieden de âlde legerweinen in oare rûte as dêr't de Balksters op rekkene hiene. In soad ynwenners wiene dêroer bot teloarsteld.

De Oranjeferiening socht kontakt mei de organisaasje fan Keep them Rolling. Mei elkoar waard besletten om de befrijingstocht oer te dwaan. De weinen wienen om in oere as alve yn de Van Swinderenstrjitte yn Balk en bleaunen dêr oant healwei trijen. De tocht gie ek by Talma Hiem del. Der kamen in pear tûzen minsken op ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)