"Fryslân moat better op syn tsjerkhôven passe"

06 jun 2015 - 21:00

"Fryslân moat mear omtinken hawwe foar de steat fan tsjerkhôven yn de provinsje. Der is yn in soad gefallen sprake fan ferkearde bestrjitting en fertutearze grêven". Dat seit Els van der Laan, sy is lânskipsarsjitekte by Noordpeil Landschap Erfgoed. Sy hâldt snein in lêzing oer dit ûnderwerp yn it Natuurmuseum Fryslân.

Van der Laan die wiidweidich ûndersyk nei tsjerkhôven yn Fryslân. Dêrby gie it benammen om 45 tsjerken fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)