Promoasje foar Ljouwerter Sweltsjes en Feanwâlden

06 jun 2015 - 16:30
  • Feest by de Ljouwerter Sweltsjes

Ljouwerter Sweltsjes is takom seizoen earste klasser. De Ljouwerters wûnen mei 3-0 fan VEV '67. Troch in eigen doelpunt fan VEV en goals fan Ettire Cadeau en Vic Rozendaal wie de promoasje in feit.

Ek Feanwâlden wurdt earste klasser troch de 3-2 winst op Zeerobben. Erik de Vries en Stefan Jan Sijtsma setten Feanwâlden op 2-0. Dylan Drent tekene foar de 2-1, wêrnei't Rinse Procee de 3-1 makke. Willem Faasse brocht de spanning 5 minuten foar de ein op 'e nij werom, mar Zeerobben slagge der net yn de lykmakker op it boerd te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)