Kampanje 'Wie nodig jij uit deze zomer?' úteinset

06 jun 2015 - 16:06

Op De Gordyk is sneon de lanlike kampanje 'Wie nodig jij uit deze zomer?' begûn. Dizze kampanje giet der om iensumens besprekber te meitsjen, want dat is noch altyd in taboe. Yn Opsterlân binne se al jierren dwaande om iensumens oan te pakken, want sa'n 40% fan alle minsken hat dêr mear of minder lêst fan.

Timpaan Welzijn hat in grutte aansichtkaart dy't se troch safolle mooglik minsken tekenje litte wolle. Mei dy hantekeningen jouwe minsken oan dat se ien in kaartsje stjoere wolle mei de útnoeging om dizze simmer wat leuks te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)