'Fear yn de broek' foar Stichting Gysbert Japicx

06 jun 2015 - 13:31

De stichting Gysbert Japicx stiet yn 2016 wiidweidich stil by it ferstjerren fan Japicx, dat dan 350 jier lyn is. Der moat in dokumentêre oer Japicx komme dy't yn en bûten Fryslân te sjen is en der moat in musical foar bern komme, dy't yn de Broeretsjerke yn Boalsert te sjen is.

De stichting hat de 'Fear yn de Broek' fan de Ried fan de Fryske Beweging wûn. De stichting, bekend fan it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert, krijt de fear om't se it Frysk in soad brûkt yn de kommunikaasje nei bûten ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)