Recron: "Rekreaasje-sektor betellet genôch belesting"

06 jun 2015 - 13:16

De feriening fan rekreaasje-ûndernimmers Recron sjocht neat yn de plannen om gemeenten mear frijheid te jaan by it fêststellen fan de lokale belestingen. In kommisje fan de Vereniging Nederlandse Gemeenten stelt foar om toeriste- en forenzebelesting gear te foegjen ta ien ferbliuwsbelesting.

Recron wol krekt dat de belesting hielendal ôfskaft wurdt. Neffens de feriening docht út de praktyk bliken dat de toeristebelesting allinnich mar omheech giet om begruttingen fan gemeenten slutend te krijen.

Rekreaasje-ûndernimmers wurde dêrmei dûbel rekke, om't se ek al gewoane belestingen betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)