Drankrider oanhâlden mei help fan tûke tsjûge

06 jun 2015 - 11:52

In 31-jierrige man út Snits koe freed op de Gabbemastrjitte yn syn wenplak oanhâlden wurde troch alert hanneljen fan in tsjûge. Dy hearde op de Worp Tjaardastrjitte in auto hurd riden en dêrnei in klap. Hy seach dat de fertochte in ferkearspeal rekke hie en even letter noch in peal omried. De auto hold dêr lekke bannen oan oer. De tsjûge seach de auto yn de Gabbemastrjitte stean en belle de plysje. Dy koe de man oanhâlde. Bliken die dat hy tefolle dronken hie. Syn rydbewiis is ynnommen en hy is meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)