Alden mei Fier om tafel om sluting skoalle Boksum te kearen

06 jun 2015 - 09:05
  • Otto Clantskoalle yn Boksum

De âlden fan de Otto Clantskoalle yn Boksum binne tefreden oer de útkomsten fan de ynformaasjegearkomst fan freedtejûn. Underwiisgroep Fier wol de skoalle takom jier slute om't der te min bern binne, mar de âlden fersette harren tsjin dy plannen.

By de ynformaasjegearkomst wiene lanlike, regionale en lokale politisy oanwêzich. Neffens harren past sluting fan de skoalle net binnen in nije wet dy't der oan sit te kommen en dêr't âlden mear ynspraak by krije. De âlden út Boksum wolle dêrom yn petear mei Fier om de skoalle iepen te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)