Jongstra wint Vredeman de Vriespriis

05 jun 2015 - 21:22
  • Deputearre Sietske Poepjes rikt de Vredeman de Vriespriis út oan Claudy Jongstra

De Fryske keunstneresse Claudy Jongstra hat freed de Vredeman de Vriespriis fan 2015 wûn. Dizze priis foar de foarmjouwing fan keunst wurdt om de twa jier útrikt oan bysûndere projekten fan designers. De priiswinnende 'Denkkamer' fan Jongstra is in romte yn it âlde Natlab fan Philips yn Eindhoven. Foar dizze romte hat de keunstneresse in wand makke, dy't bestiet út griene pigminten út Fryske planten en materialen.

Neffens de sjuery hat Jongstra de priis fertsjinne, om't har projekt fan in 'ynternasjonale alluere' is.

Der waard ek noch in publykspriis útrikt. Dizze priis gong nei Tryntsje Nauta mei har boek oer de Fryske oranjekoeke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)