Gaslek yn Hurdegaryp troch wjerljocht

05 jun 2015 - 21:06

De rein- en tongerbuien soargen freed rûnom yn de provinsje foar problemen. Op de Gaelekamp yn Hurdegaryp sloech de wjerljocht yn, wêrnei't der in gaslek ûntstie. Ek yn Akkrum sloech it himelfjoer yn. It dak fan in wente oan de Suster van de Vegtstrjitte waard folslein fernield. Der kamen noch mear meldings fan stoarmskea út ûnder oaren Beetstersweach wêr't in beam tsjin in gebou waaide en yn Drachten foel in beam op twa auto's. Fierders wiene der meldings fan skea yn Nijemardum, Sint-Nyk en Rottum.

Der binne mear as 50 meldings binnenkaam fan stoarmskea. Minsken waard advisearre om allinne 112 te beljen as it om in needsitewaasje giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)