CU wol aksje fan steatssekretaris oer opfangsintra

05 jun 2015 - 19:41
  • Frouljusopfanggebou Veilige Veste fan Fier Fryslân yn Ljouwert

De ChristenUnie yn de Twadde Keamer stelt fragen oan it kabinet oer de opfangsintra foar slachtoffers fan loverboys. Woansdei lette Fier Fryslân dêroer de needklok. It tal slachtoffers fan loverboys nimt hieltiid ta, wylst der op dit stuit wachtlisten binne foar de opfangsintra. Twadde Keamerlid Gert-Jan Segers wol dat steatssekretaris Klaas Dijkhoff fan feiligens en justysje yn gearwurking mei de gemeenten in oplossing siket, omdat de froulju oars mooglik wer yn 'e prostitúsje belânje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)