Ylse Barkmeijer wint finale Frysk foarlêskampioenskip

05 jun 2015 - 19:20

Ylse Barkmeijer út groep acht fan OBS Akkrum is freed Frysk foarlêskampioen 2015 wurden. Yn in spannende finale wie se neffens de sjuery de bêste. De sjuery fûn it nivo fan dit jier hiel heech. De foarlêzers waarden ûnder oare beoardield op harren toan, it brûken fan de stim en it kontakt mei it publyk. Alle dielnimmers oan de foarlêsfinale krigen in boekepakket as beleanning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)