Dyk Snits-Boalsert tydlik ôfsletten troch kantele frachtwein

05 jun 2015 - 18:35

De dyk fan Snits nei Boalsert hat freed in pear oeren ôfsletten west foar it ferkear. Oan de ein fan de middei is der op de N7 by Ysbrechtum in frachtwein mei pallets kantele. De 59-jierrige bestjoerder woe wat drinken pakte en miste dêrtroch in bocht. Hy hat in skoft fêstsitten yn de kabine. Nei't er befrijd waard, is de sjauffeur mei ferwûnings oan de holle oerbrocht nei it sikehûs.

De plysje hat de dyk om healweis njoggenen wer frijjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)