CDA wol dúdlikheid oer fersakjen huzen Grou

05 jun 2015 - 18:06

De gemeente Ljouwert en wenningkorporaasje Elkien moatte dúdliker wêze oer hoe slim it fersakjen fan in tal wenten oan de Noarderdwersstrjitte yn Grou is. Dat wol it CDA yn de gemeenteried fan Ljouwert. Neffens Elkien binne de problemen akút en kin de feilichheid fan de bewenners net garandearre wurde. Wethâlder Isabelle Diks seit dat de sitewaasje slim, mar net akút is. De bewenners wurde op in oar plak ûnderbrocht.

It CDA wol no witte hoe't it kin dat gemeente en wenningkorporaasje der sa ferskillend oer tinke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)