Brêge Burgum kommende tiid geregeld net iepen foar skipfeart

05 jun 2015 - 15:40

De brêge oer it PM-kanaal by Burgum giet de kommende tiid geregeld net iepen foar skipfeartferkear. Dat hat te krijen mei it wurk oan de nije brêge dy't der komt. Yn juny en july wurde der pylders delset en wurdt it remmingswurk foar de nije brêge oanlein. Yn dy perioaden kin it skipfeartferkear der net del.

It wurk begjint op snein 14 juny. De brêge sil fierder benammen stremd wêze fan moandei oant en mei freed tusken moarns 7.00 oere en middeis 16.00 oere.

Fan 15 oant en mei 27 juny sil it beweechbere part fan de brêge stremd wêze, fan moandei 29 juny oant en mei freed 17 july giet it om it fêste diel fan de brêge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)