Komplete snackwein stellen lâns Lauwersseewei by Dokkum

05 jun 2015 - 14:59
  • De stellen snackwein

In komplete snackwein is freedtemoarn stellen fan it carpoolplak lâns de Lauwersseewei by Dokkum. De plysje tinkt dat de wein om njoggen oere hinne stellen is. De snackwein is foar it lêst sjoen, op it momint dat de wein yn de rjochting fan Lauwerseach ried. It giet om in wite wein mei reade strepen. Boppe de luifel stiet de tekst Frites en Snacks.

De plysje freget tsjûgen harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)