Bysûnder tafelskleed Fedde Schurer te sjen yn Tresoar

05 jun 2015 - 14:47

Yn histoarysk sintrum Tresoar is fan freed ôf in bysûnder tafelskleed te sjen. It giet om in tafelskleed fan skriuwer/sjoernalist Fedde Schurer. Der binne allegear hantekeningen opset fan bekende gasten dy't Fedde en syn frou Wil Schurer op besite hân ha. De hantekeningen fan ûnder oaren Anne Wadman en Abel Herzberg binne mei potlead op it kleed set. Dêrnei hat Wil Schurer de hantekeningen borduerd.

It tafelskleed is oan in fiif meter lange itenstafel yn de stúdzjehal fan Tresoar te sjen oant ein augustus.

Oanlieding fan de simmerútstalling fan Tresoar is dat Ljouwert dit jier haadstêd fan de smaak is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)