Man út De Trieme foar de rjochter om seehûnen

05 jun 2015 - 13:04

In man út De Trieme moat foar de rjochter ferskine omdat er seehûnen by him thús hâldt. De 50-jierrige man is âld-wurknimmer fan de seehûnekresj yn Pieterburen. Hy is opstapt omdat er it net iens is mei it nije belied fan de opfang. It is by wet ferbean om seehûnen te hâlden. Dat mei allinnich tydlik as sa'n bist siik of ferwûne is. Dêrnei moat it nei in erkend seehûne-opfangsintrum brocht wurde.

De rjochter sil op 15 juny bepale moatte oft de man strafber is of dat er hannelet yn it belang fan de seehûnen. Ek in man út it Gelderske Spijk moat foar de Ljouwerter ekonomyske plysjerjochter ferskine. Beide manlju wurde bystien troch advokaat Tjalling van der Goot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)