Wolvegeaster ferwûne by botsing Nijeholtwâlde

05 jun 2015 - 10:39

In 18-jierrige Wolvegeaster is tongersdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de krusing fan de Hearrenfeansewei mei de Heirwei by Nijeholtwâlde. De bestjoerder krige gjin foarrang fan in 67-jierrige automobilist út Kallenkote. By de botsing rekke de Wolvegeaster ferwûne oan de holle en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)