Groep fan 28 gieren fljocht oer Fryslân

05 jun 2015 - 09:33
  • Gieren by Wommels
  • Johan op den Dries
  • Fûgelspotters by Wommels

Yn Fryslân fljocht op dit stuit in groep fan sa'n 28 gieren. De groep siet freedtemoarn by de Slachtebrêge by Wommels. Se komme nei alle gedachten út Spanje, mar it doel fan de fûgels is net dúdlik. Se libje fan kadavers en omdat dy net by ús yn it lân lizze meie, is der net in soad te fretten foar de gieren. Dat is op himsels net sa'n grut probleem, want se kinne hiel lang sûnder iten.

Gefolch is wol dat der oeral út it lân fûgelspotters komme om in foto fan de fûgels te meitsjen.

Want sa'n grutte groep gieren yn dit part fan de wrâld is bysûnder. Tongersdeitejûn waarden de gieren al sjoen boppe de fleanbasis yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)