Kollum: "iPhone"

05 jun 2015 - 09:11

Yn it gleske fan myn iPhone sitte barsten en skuorren, en op ien oft oare manier springt er dêrtroch hyltyd op Facetime. Dat is in soart ieniemienie fideogesprekje op de tillefoan.

No ha ik troch myn wurk as religysjoernalist aardich wat kontakten yn myn tillefoan stean, dus ik ha al ris hân dat ik per ûngelok in imam facetimet hie en binnenkoart, stel ik my sa foar, bin ik kardinaal Simonis yn myn bûse oan it facetimen.

Dus moast ik nei de winkel. Ek noch foar in dopke.

Slalomjend om de iene nei de oare bongeljende winkelsomby mei tassen fol guod, rûn ik dêrom fan 'e wike troch ien fan de gruttere winkelstrjitten fan Den Haach. It wie ek noch min waar dus ik fielde my wat bedrukt.

Mar dêr wie ferljochting.

Ik stapte troch de statige doarren in winkel fol ljocht, romte en wite gloed binnen. Ik moast hast in sinnebril op, sa Jan-de-Bouvrie-wyt wie it, mar ik fielde my direkt better.

It ljocht foel my temjitte út de himel troch de glêzen plafonds.

Dêr skeaten my spontaan wat rigels fan in ferske fan Meindert Talma te binnen dat op syn plaat 'Nu Geloof ik Wat Er In de Bijbel Staat' stjit.

"Ik zag, ik zag het licht uit de hemel schijnen
Ik zag, ik zag het licht neerdalen, ik zag het licht verschijnen".

Ik hie myn yntrede dien yn de Apple-tsjerke. No soe alles goedkomme. Alles. Alles wat misgong in myn libben.

Op hege alterkes stie it Apple-boartersguod útstald, as relikwyen.

Jo tinke miskien, wat oerdriuwt dy Nynke no mei dy Apple-religy. Mar echt wier, by Apple-believers wurdt in selde gebiet yn de harsens aktivearre as se wat fan Apple sjogge as by minsken dy't religy belibje. Ha se ûndersocht.

It personiel dwarrele troch de winkel. Se hiene earkes yn, dy't befeiligers ek altyd ynha.

"Kan ik u helpen", sei in famke dy't it earke noch wat djipper yn har ear treau, as wie se in sukselfol sangeres. Ik sei dat ik in dopke socht foar myn triedleaze toetseboerd. Dat is fuort en dêrtroch bliuwe de batterijen net sitten en kin ik it ding net brûke.

Foar it dopke fan it toetseboard moast ik nei in spesjale fint mei in iPad, sei it famke. Hy wie de dinkjes dy't-je-kwyt-wiene-pastoar. Mar hy rûn krekt it hoekje om nei in oare Apple-believer mei in fraach.

Ik sei tsjin it famke: "Het schermpje van mijn telefoon is ook stuk, kan ik het laten repareren?" Wat foar fersy ik hie, frege se. In iPhone fjouwer sei ik. Oooooeeeeeh. It famke sêch betinklik. Dat wie wol wat in âlde fersy. Ik tocht by mysels: man, ik ha dat ding sûnt foarrich jier.

Ik koe it foar de sekerheid oan dat famke dêr freegje, mei it lange brune hier, sy wie de technyske tsjinst-âlderling.

Ik hie de fint mei de iPad einlik te pakken. Hy sei dat it net mooglik wie om in los dopke foar myn toetseboerd te keapjen. Ik koe dan it bêste in nij toetseboerd keapje.

Dêrnei wachte ik op it famke fan de technyk. Se sei dat ik net samar myn skermke reparearre litte koe. Ik koe wol in ôfspraak mei har ynplanne. Dan moast ik spesjaal wêrom komme om in diagnoaze stelle te litten. In soart fan gebedsgenêzing. Ik koe it bêste in nije tillefoan keapje, seach ik har tinken.

Ik woe in pear eardopkes ôfrekkenje. Dat koe samar net. Wêr binne de kassa's, frege ik. Dy ha we hjir net, sei se. Ik moast nei in jonge ta mei in apparaatsje oan syn broek. Ik hie hast al it personiel hân. En wachtsje mar wer.

Ik fielde my wat ferlern yn de katedraal en bidde om ferlossing.

Werom ha jim hjir gjin kassa's, frege ik oan de jonge fan it kassa-apparaatsje oan syn broek dy't ik ûndertusken yn de houtgreep hie. "Vanwege het face-to-face-contact met de klant", sei de jonge. "Oh", sei ik, hielendal leech.

"En dan hoeven mensen niet in de rij te staan." De jonge rûn wer fuort. Hy helle it bontsje earne út in printer.

Ik seach believers fierderop gleon oer de Apple-relikwyen aaien en frege my fertwivele ôf wêr't ik my útskriuwe litte koe by dizze tsjerke.

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)