Balk ferset tsjerketsjinst fanwege Keep them Rolling

04 jun 2015 - 19:49
  • Keep them Rolling komt dochs noch nei Balk

De tsjerketsjinst fan fersoargingshûs Talma Hiem yn Balk is snein earder fanwege Keep them Rolling. De âlde legerauto's dienen op 5 maaie it plak ek al oan, mar namen doe in oare rûte as pland, sadat de ynwenners se amper te sjen krigen. Kommende snein wurdt dat goed makke, de auto's binne dan fan alven oant trijen yn Balk. Se ride ûnder oare by Talma Hiem lâns.

In diel fan de bewenners fan Talma Hiem stelt ek it middeissliepke út om de legerweinen sjen te kinnen, sa stiet yn it parseberjocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)