Steensma út Ljouwert krijt predikaat keninklik

04 jun 2015 - 16:25

It bedriuw Steensma út Ljouwert hat it predikaat keninklik krigen. Dat is tongersdei bekend makke by de fiering fan it 175-jierrich bestean. Steensma is lanlik sjoen ien fan de merklieders yn it leverjen fan grûnstoffen oan bakkerijen. It bedriuw hat ek fêstigings yn Frjentsjer en Vlaardingen. It predikaat waard útrikt troch kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Steensma is it 29e bedriuw yn Fryslân dat him keninklik neame mei.

Algemien direkteur De Jong is tige wiis mei it predikaat. Hy tinkt dat it foar mear bûtelânske klanten soarget.

Trefwurden: 
Ljouwert Keninklik Steensma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)