Klomp freget sjauffeurs troch te riden sûnder lean

04 jun 2015 - 16:12
  • Webside taksybedriuw Klomp

De sjauffeurs fan taksybedriuw Klomp binne frege om de kommende twa wiken gewoan troch te gean mei it wurk, ek al krije se dêr foarearst gjin lean foar. Dat is needsaaklik om de ûnderhannelings mei in ynvestearder trochsette te kinnen. Klomp sit yn swier waar en giet mooglik fallyt as der gjin jild fan bûten komt.

De ôfrûne moanne moasten de meiwurkers fan Klomp it ek al mei minder jild dwaan. In part fan it lean waard doe net útbetelle, mar neffens de direksje komt dat jild der as der oerienstimming komt mei de ynvestearder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)