"Tsjûkemarmoard wie ôfrekkening yn kriminele sirkwy"

04 jun 2015 - 15:20

De moard op de 35-jierrige Omar Kourrich yn 2013 wie in ôfrekkening yn it kriminele sirkwy. Dat hat ien fan de fertochten feklearre foar de rjochbank yn Ljouwert. Neffens him wie der in konflikt oer himp. Dat wie de reden foar de moard. Kourrich kaam yn de sigarewinkel fan twa fan de fertochten. Dêr waard er sa swier mishannele dat hy ferstoar. It lichem is dêrnei ferfierd nei in parkearplak by de Tsjûkemar en dêr yn brân stutsen. Yn totaal wurde fjouwer minsken fertocht fan belutsenheid by de moard, de haadfertochte is stoarn yn syn sel.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust folget de saak de hiele dei en docht ferslach op Twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)