Basisskoalle 'It Fiifde Sté' fan Haskerdiken giet ticht

04 jun 2015 - 15:14

Iepenbiere basisskoalle 'It Fiifde Sté' út Haskerdiken slút de doarren nei it kommende skoaljier. De skoalle sit yn swier waar troch it lege oantal learlingen.

Nei de simmer binne der nei alle gedachten noch mar sa'n 22 learlingen oer en dat is ûnder de noarm. It leechrinnen fan de skoalle hat ûnder oare te krijen mei de ferhuzing fan gesinnen. Oare âlden hawwe de bern doe ek al nei skoallen yn oare doarpen dien. De âlden moatte dizze wike oanjaan oft se de bern no al oerpleatse wolle of dat se wachtsje oant nei it skoaljier 2015-2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)