Beswieren tsjin beskerme status Biltdiken ôfwiisd

04 jun 2015 - 14:52
  • Biltdiken mei status beskerme doarpsgesicht

It ministearje fan ûnderwiis hat de beswieren tsjin it oanwizen fan de Biltdiken as beskerme doarpsgesicht ôfwiisd. Lânbou-organisaasje LTO en it Frysk Grûnbesit hiene benammen beswier tsjin it oanwizen fan de 3500 hektare lânbougrûn dy't tagelyk mei de diken oanwiisd is. Dizze grûn leit tsjin de Biltdiken oan. De organisaasjes binne bang dat boeren mei de nije bestimming beheind wurde yn it wurk. It ikkerbou-fakbûn is swier teloarsteld oer de útspraak fan it ministearje en neamt it in net-demokratyske wurkwize.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)