Trije ferwûnen by botsing mei plysje-auto Froubuorren

04 jun 2015 - 12:31

By in ûngelok mei in plysje-auto op de Middelwei-East by Froubuorren binne woansdeitejûn trije minsken ferwûne rekke. It giet om in 25-jierrige plysjeman en in 43-jierrige frou út Sint-Anne en har 6-jierrich dochterke. De plysjeman en de frou moasten nei it sikehûs, it famke waard behannele op it plak fan it ûngelok. De plysjes wiene yn in gewoane auto mei swaailjocht en sirene oan op wei nei in ûngelok by Stiens doe't se de auto fan de frou ynhellen. Dy sloech krekt op dat momint ôf en de botsing wie it gefolch.

Dy auto fan de frou rekke fan de dyk en sloech oer de kop. De ferkearsûngefalle-analyze hat ûndersyk dien nei de tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)