Gesicht fan de 'beamkistfrou' ûntbleate nei rekonstruksje

04 jun 2015 - 12:23
  • De rekonstruksje fan gesicht fan de terpfrou
  • It skelet fan de frou yn de holle beam

It gesicht fan de 'boomkistdame' is tongersdei ûntbleate. It is in gesichtsrekonstruksje, makke nei it skelet fan in frou út de 7e ieu, dat fûn is yn de terp fan Hegebeintum. Sy wie begroeven yn in holle beamstam. De gesichtsrekonstruksje is makke yn opdracht fan it Fries Museum. Archeologe Maja d'Hollosy út Amsterdam hat der moannenlang oan wurke. Tongersdei wie de offisjele ûntbleating yn it Fries Museum. De 'beamkistfrou' makket diel út fan de tentoanstelling oer terpfynsten 'Goud', dy't sneon 6 juny iepene wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)