'Team Wybe' aktyf op Alpe d'HuZes

04 jun 2015 - 10:39

Douwe de Vries fan De Jouwer is tongersdei aktyf by Alpe d'Huzes. Tûzenen fytsers en kuierders beklimme hjoed de Alpe d'Huez sa faak mooglik om sa jild op te heljen foar de kankerbestriding. Douwe de Vries docht it as neitins oan syn maat Wybe, dy't ferline jier stoarn is oan in hersentumor. Team Wybe is tongersdei om healwei fiven begongen op de fyts en dêrnei giene se de berch rinnende op. Se besykje sa faak mooglik boppe te kommen. Team Wybe hat oant no ta al 45.000 euro ophelle foar it goede doel.

Tongersdeitejûn waard bekend dat de beklimmers fan de Alpe d'Huzes mei-elkoar al mear as alve miljoen euro ophelle hawwe. Der binne ek noch inkelde miljoenen tasein. Yn oktober wurdt bekend wat de krekte opbringst fan de aksje is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)