Bewenster fan wenark rekket ferwûne by oerfal yn Snits

04 jun 2015 - 08:36

De 70-jierrige bewenster fan in wenark oan de Selfhelpwei yn Snits is tongerdeitemoarn ferwûne rekke by in oerfal op har boat. In ûnbekende man kaam de ark binnen en mishannele de frou. Se is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. Fan de dieder ûntbrekt elk spoar. De plysje docht ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)