Fertochte fan Tsjûkemarmoard foar de rjochter

04 jun 2015 - 08:07

In 27-jierrige man út Roemenië stiet tongersdei foar de rjochter yn Ljouwert foar syn belutsenheid by de moard op Omar Kourrick út Amsterdam. It lichem fan Kourrick waard twa jier lyn fûn by de Tsjûkemar troch foarbygongers. It slachtoffer wie fêstbûn en syn lichem wie yn brân stutsen. De twa oare fertochten moatte harren takom moandei foar de rjochter ferantwurdzje.

De trije soene it lichem fan Amsterdam nei Fryslân ferfierd ha en hjir yn 'e brân stutsen hawwe. Der wie ek in fjirde fertochte, mar dy is ferline jier july stoarn yn syn sel.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust folget de saak de hiele dei en docht ferslach op Twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)