Appelskea krijt grut eveneminteterrein

03 jun 2015 - 23:09

Appelskea krijt in eveneminteterrein foar grutte kulturele aktiviteiten. Alteast as it oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders leit. It terrein moat oanlein wurde op in stik grûn oan de súdkant fan it doarp. De gemeente wie earst fan doel der in swimplas oan te lizzen mar dat wie net helber. Yn it ramt fan kulturele haadstêd 2018 wol de gemeente mei ûndernimmers en ferienings in koöperaasje oprjochtsje dy't kultuere aktiveiten organisearret op it terrein.

Mei de eveneminten wurdt besocht om mear toeristen nei Appelskea te lûken. Foar dat doel wurdt ek de ferneamde útkyktoer "De Belvedère" mei njoggen meter ferhege. De toer krijt in lift en wurdt mear as fyftich meter heech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)