Fakbûnen roppe taksysjauffeurs Klomp byinoar

03 jun 2015 - 22:03

De fakbûnen organisearje nije wike woansdei in gearkomste foar it personiel fan taksybedriuw Klomp. It taksybedriuw út Ede, dêr't 170 Fryske sjauffeurs wurkje, kin de salarissen net útbetelje en giet mooglik fallyt. Klomp hat in ynvestearder fûn dy't jild yn it bedriuw stekke wol, hjir is it bedriuw no mei yn ûnderhanneling. De fakbûnen roppe nije wike alle Fryske sjauffeurs byelkoar op It Hearrenfean om mei harren te bepraten hoe't it no fierder moat. Yn Fryslân fersoarget Klomp it ferfier foar soarchgroep Alliade.

Trefwurden: 
fakbûn klomp taksybedriuw
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)