Mear romte foar wenboaten yn Ljouwerter binnenstêd

03 jun 2015 - 19:13
  • Mear romte foar wenboaten yn Ljouwerter binnenstêd

De gemeente Ljouwert wol it ienfâldiger meitsje om mei in boat of skip oan de kaden yn de binnenstêd te wenjen. Dêrom is sjoen nei de besteande regels dêr't in eigener fan in wenboat oan foldwaan moat om in lisplak te krijen. It tal regels is fan tsien werombrocht nei trije. No't it wer better mei de wenningmerk giet wol de gemeente besykje it wenjen op wetter te promoaten. It plan is om it tal lisplakken yn de Museamhaven út te wreidzjen en ek replika's fan âlde skippen ta te stean.

Om't der noch mar ien wenskip oan de Easterkade leit, wol de gemeente dêr gjin nije lisplakken mear útjaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)