Dijksma wol molkproduksje mooglik toch wer beheine

03 jun 2015 - 17:32

Steatssekretaris Sharon Dijksma wurket oan in plan om de molkproduksje mooglik opnij te beheinen. Reden is dat Nederlân mear fosfaat produsearret as wetlik mei. Dijksma ûndersiket trije opsjes om de fosfaatproduksje yn te damjen: minder kij of de molke- of dongproduksje werombringe.

Sûnt begjin dit jier hinget it tal kij dat in boer hawwe mei, gear mei it lân dat hy hat om de dong kwyt te kinnen. Fryslân, Grinslân en Drinte binne benaud dat dit no loslitten wurdt en dat der aanst deselde regels jilde foar alle boeren.

De trije noardlike provinsjes meitsje harren soargen oer de plannen fan de steatssekretaris. Deputearre Johannes Kramer wol dat der rekken hâlden wurdt mei de boeren, mar is it der wol mei iens dat der wat oan de útstjit dien wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)