Keninklike ûnderskieding foar Foka Westra fan Tytsjerk

03 jun 2015 - 17:20

Foka Westra fan Tytsjerk hat woansdei in Keninklike ûnderskieding krigen. Wethâlder Fokkema fan Tytsjerksteradiel mocht har it lintsje opspjeldzje. Foka Westra is foardroegen foar in lintsje, omdat se al 30 jier bern opfangt. It gesin Westra bestiet op dit stuit út 27 persoanen, de jongste is 5 moanne, de âldste is 35 jier. Neist minsken binne der ek in soad bisten yn de grutte ferboude pleats fan de famylje Westra. It lintsje waard útrikt op it feest dat hâlden waard fanwege it 30-jierrige bestean fan de pleechsoarch fan Foka Westra.

Trefwurden: 
lintsje Tytsjerk Foka Westra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)